Konflikt dûmny moat skikt wurde

© Omrop Fryslân
It konflikt oer dûmny Zijlstra út Easterein moat binnen 14 dagen skikt wurde. As dat net slagget, moat it foarlein wurde oan in ûnôfhinklike arbitraazjekommisje. Dat is besletten troch bestjoerders fan de SOW-tsjerken.
Zijlstra krige in pear jier lyn in nij hûs tasein as er de pastorije ûntrûmje soe. Dy moast ferkocht wurde. De dûmny joech syn meiwurking, mar it nije hûs kaam der net. Zijlstra is no op non-aktyf steld troch de tsjerkerie.