Programmaried Fryslân nei NMA

© Omrop Fryslân
De programmaried fan UPC yn Fryslân stapt nei de Nederlânske meidingingsautoriteit, de NMA, om dêr klachten yn te tsjinjen oer de priisferheging en it nije stjoerderpakket fan UPC.
It is de earste kear dat in Fryske programmaried nei de NMA stapt. Resinte oanlieding is it ferdwinen fan de sportstjoerder Eurosport út it basispakket. Foar de stjoerder moat no ekstra betelle wurde.