Skuldich oan dea mar gjin straf

© Omrop Fryslân
De mem fan it 7 moanne âlde jonkje Arjun út Ljouwert is skuldich oan de dea fan har soan fanwege earnstich fersom. Mar in straf is net nedich omdat de gefolgen foar har al slim genôch binne. Dat sei de offisier fan justysje tongersdei yn de rjochtsaak oer de dea fan Arjun febrewaris 2001.
It jonkje ferdronk doe't er yn bad siet mei syn 2-jierrige broerke. Syn mem siet ûnder te beljen. Neffens de heit hat de mem it mei sin dien.