Utspraak rellen Nijehoarne

© Omrop Fryslân
Wurkstraffen en boetes. Dat is wat de plysjerjochter tongersdei easke tsjin 22 jongemanlju út Nijehoarne. De groep moast yn Ljouwert foarkomme fanwege de nijjiersrellen yn it doarp. De plysje grypte dy nacht yn, om't de manlju mei alarmpistoalen fjoerwurk ôfskeaten.
De fertochten fine it plysjeoptreden te hurd en der fier by troch. Se tinke dat de plysje in die stelle woe mei de arrestaasjes. Fierders soene se ferrieden wêze troch doarpsgenoaten.