Gjin ûntslaggen by De Tille

© Omrop Fryslân
Der lykje foarearst gjin ûntslaggen te fallen by de boekwinkels fan De Tille yn Ljouwert en Snits. De Tille is ûnderdiel fan de Boekhandels Groep Nederland, dy't woansdei in reorganisaasje bekend makke. Der ferdwine 89 fan de yn totaal 1000 arbeidsplakken by de Boekhandels Groep.
De maatregel wurdt nommen om't it net goed giet mei de boekferkeap. De omset fan de 38 boekwinkels giet omleech, benammen yn de saaklike boekferkeap.