Jongbloed wreidet út

24 sep 2003 - 00:00

Bibeldrukker Jongbloed út Hearrenfean iepent in nije festiging yn it bûtenlân. De plannen binne rûn, mar it bedriuw wol net sizze wat de lokaasje is.

De printer ferhuze fiif jier lyn fan Ljouwert nei It Hearrenfean. Sûnt dy tiid is de eksport fan bibels en lieteboeken flink tanommen. It bedriuw tinkt de kommende jierren fral aktyf te wurden yn Afrika, Súd-Amearika en Azië. It bedriuw jout nij wike mear ynformaasje oer de nije festiging.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)