F-side wurdt lêzen

24 sep 2003 - 00:00

Yn alle gesinnen mei in abonnemint op ien fan de Fryske deiblêden wurdt in part fan de F-side lêzen. Dat docht bliken út in tuskentiidse evaluaasje fan de provinsje. De F-side hat as doel Frysk lêzen te befoarderjen.

De provinsje is tefreden mei de útkomst en giet oant 2005 troch mei de side. It jild is in probleem. It Frysk Deiblêd en de Ljouwerter Krante jouwe oan dat de kosten yn de takomst heger wurde. Mooglik wurdt de side lytser.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)