Bekende Friezen belje om wurk

24 sep 2003 - 00:00

Pommeranten ha woansdei by in belaksje fan it CWI yn Ljouwert 150 fakatueres binnen helle. Bekende Friezen, as boargemaster Heldoorn fan Opsterlân bellen fanút it sintrum foar wurk en ynkommen nei wurkjouwers mei de fraach de fakatueres oan te melden by it CWI.

Kommende sneon hâldt it CWI in banemerk foar wurksykjenden. Ek op oare plakken, lykas yn Drachten en op It Hearrenfean, waard troch bekende Friezen belle foar fakatueres.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)