Argewaasje yn Kollumerlân

24 sep 2003 - 00:00

Ynwenners fan Kollumerlân ha de measte argewaasje fan ferkearsoertredings. Te hurd ride yn de beboude kom en ferkeard parkeare fine se ferfelend. Oerlêst fan bisten, fral hûnestront, is in oare boarne fan argewaasje.

Hûndert famyljes ha oan de gemeentlike enkête meidien oer argewaasje. De enkête is noch net ôfrûn. Ein oktober wurdt der in seleksje makke út de neamde saken. Letter moatte der gedrachsôfspraken oer komme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)