Haachske petysje garnalefiskerij

© Omrop Fryslân
Garnalefiskers hawwe tiisdei yn Den Haag in petysje oanbean oan 'e fêste keamerkommisje fan Lânbou en Natuer. It stik is opsteld troch de Waadprovinsjes en de gemeenten. Njonken it Nederlânsk Fiskersbûn ûnderskriuwe ek de Waadferiening en de fakbûnen de petysje.
Yn 'e garnalefiskerij wurdt folle minder fertsjinne sûnt de NMa de sektor in boete oplein hat foar ferbeane fangstôfspraken. It wetter stiet in soad fiskers oan 'e lippen ta.