Rûte buertbus SW-hoeke moat oars

23 sep 2003 - 00:00

De buertbus tusken Starum en it Flinkeboskje moat net mear oer Bakhuzen en Himmelum ride mar streekrjocht nei Koudum. Dat seit FNP-riedslid Kroondyk yn 'e gemeente Nijefurd, dy't sels as frijwilliger op de buertbus riidt.

Kroondyk seit út eigen ûnderfining te fernimmen dat it tal passazjiers yn Bakhuzen en Himmelum tebekrint. It bestjoer fan 'e buertbus wol ynearsten neat witte fan it ferlizzen fan 'e busrûte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)