Histoaryske lokomotyf yn Snits

23 sep 2003 - 00:00

It NS-stasjon Snits wurdt meikoarten opfleure mei in histoaryske lokomotyf. Spoarhobbyist Hoekema hellet de lok fan Stadskanaal nei de Wetterpoartestêd en lit him yn 'e orizjinele oliif-griene kleur oerfervje.

Frachtferkear mei de trein wie tusken 1934 en 1968 fan grut belang foar Snits en omkriten. De lokomotyf waard brûkt foar it ranzjearjen fan 'e tram en it ferfier nei suvelfabryk Hollandia yn Boalsert.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)