Aalberts (FCDF) hâldt op

© Omrop Fryslân
Presidint-kommissaris Arie Aalberts fan suvelbedriuw Friesland Coberco stapt op. Hy treedt ek werom as bestjoers- foarsitter fan de suvelkoöperaasje De Zeven Provinciën. Sybren Attema, dy't no fise-foarsitter is, folget him op.
Aalberts (51) is ophâlden mei it leverjen fan molke oan Friesland Coberco. Sa wol er dúdlik meitsje dat er gjin bestjoerslid mear wêze kin, om't bestjoersleden aktive molkfee- hâlders wêze moatte.