Gelykspul Hearrenfeanbeloftes
De beloften fan SC Hearrenfean binne moandeitejûn yn en tsjin FC Utrecht útkommen op in 1-1 gelykspul.
De Feansters kaamen flak foar de rêst mei 1-0 achter te stean. Fuortendaliks nei de rêst skoarde Hannu Haarala de gelykmakker foar SC Hearrenfean. Skiedsrjochter Winter hoegde gjin boetes út te dielen en hâlde sadwaande de kaarten yn de bûse.