Ynspeksje fan gefaarlike dyk

22 sep 2003 - 00:00

De Trynwâldsterdyk moat heechnedich feiliger makke wurde. Dat boadskip krigen steateleden moandei mei fan de gemeenteried fan Tytsjerksteradiel.

Steateleden en gemeenteriedsleden fytsten by de dyk lâns om knipepunten te besjen. It giet om in provinsjale dyk, mar de provinsje hat koartlyn oanjûn dat oanpassings oan it trajekt betelle wurde moatte troch de gemeente. De ôfrûne jierren ha der ferskate slimme ûngelokken west op de dyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)