Ten Hoeve yn't spier foar Esther

22 sep 2003 - 00:00

Minister Verdonk fan frjemdlingesaken moat yngripe yn de saak fan Esther Uhunamure út Kollumersweach. Dat skriuwt Earste Keamerlid Hendrik ten Hoeve oan de minister.

De Nigeriaanse frou is yllegaal yn Nederlân en wol trouwe mei de heit fan har twa bern. Mar se kin net oan in bertebewiis komme, dat nedich is om te trouwen. De frou hat wol oare papieren, mar dy wurde troch de oerheid net as rjochtsjildich sjoen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)