Besunigings treffe ek keatsbûn
It keatsbûn KNKB wurdt slim troffen troch de besunigings fan it kabinet op de sport. It bûn, mei in buro yn Frjentsjer, sil úteinlik 80.000 euro minder krije. Dat is tsien persint fan de folsleine begrutting.
Hoe't de besunigings trochfierd wurde, is noch net krekt dúdlik. It bûn tinkt oan ferheging fan de kontribúsje foar de leden. Ek wurde mooglik guon aktiviteiten skrast.