Sluting azc's útsteld

22 sep 2003 - 00:00

De sluting fan fiif asylsikerssintra yn Fryslân wurdt foarearst útsteld. Der binne dochs mear asylsikers as it COA, it sintraal orgaan opfang asylsikers, miende. Minsken mei in fergunning kinne nammentlik faak net in hierwente fine.

De azc's yn Appelskea, Burgum, Dokkum, It Hearrefean en Wolvegea soene op koarte termyn har doarren slute. Dy sluting rint no fertraging op. It COA wit noch net wannear't de sintra wol ticht geane.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)