GrienLinks lilk op DS

22 sep 2003 - 00:00

De steatefraksje fan GrienLinks is lilk op Deputearre Steaten. Dy ha it ferfolch fan in steategearkomste útsteld oant 7 oktober. GrienLinks hie foar de gearkomste in ynterpellaasje op de aginda setten oer de Suderseeline.

Troch it útstel fan trije wiken fielt de fraksje har net serieus nommen. Boppedat is de gearkomste no nei 2 oktober, de dei dat noardlike bestjoerders mei it kabinet prate oer de Langman-jilden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)