Omwenjenden tsjin Slachtebrêge

© Omrop Fryslân
De bruorren Rodenhuis fan Hjerbeam binne tsjin it plan foar in twadde brêge yn de Slachtedyk. Dy moat flakby har hûs komme, dêr't se al hast fyftich jier yn alle rêst wenje.
Mei de Slachtemarathon yn 2000 joegen de bruorren foar ien kear tastimming om kuierders oer it hiem te litten. Sûnt dy tiid binne der deis in soad minsken op en om har hiem, soms mei losrinnende hûnen. De bruorren binne benaud foar noch mear oerlêst, as de brêge der komt.