Durk vd Ploeg skoart by suteljen

© Omrop Fryslân
De roman 'Foarby it Boarkumer fjoer' fan Durk van der Ploeg is healwei de Sutelaksje in bestseller. Yn de Fryske Boekewike ôfrûne maitiid wie it boek ek al tige populêr.
It Boek fan de wike 'De soldaat dy't werom kaam' fan Theun de Vries fleach de sutelkoraden ek út. By de berneboeken dogge benammen it Tomke- boek 'In pot fol ferhalen', de beareboeken en it lûdeboekje oer Bob de Bouwer it goed.