Operareizen nei it bûtenlân

22 sep 2003 - 00:00

Klassyk muzykresinsint Rudolf Nammensma wol takom maitiid reizen nei operafoarstellingen yn it bûtenlân organisearje. Party minsken soene der belangstelling foar hawwe, mar der net ta komme om de reis op eigen manneboet te regeljen.

Foar it ferfier hat Nammensma busmaatskippij Paulusma ynskeakele. De earste reis stiet pland foar febrewaris 2004. Gadingmakkers kinne harren no al opjaan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)