Frou (91) leit nacht yn sleat

© Omrop Fryslân
In 91-jierrige frou út fersoargingshûs Klein Lindestede yn Wolvegea hat sneontenacht yn de sleat lein. De frou gie middeis om fiif oere om boadskippen en naam in nije rûte nei hûs. Sy rekke de wei kwyt. Op in sânpaad ferlear se it lykwicht en foel yn in djippe droege sleat dêr't se net út komme koe.
Op har roppen kaam gjin reaksje. Om waarm te bliuwen die se oefenings. Sneintemoarn waard se fûn en mei in waarme douche en rêst wie se wer klear.