De Jouwer - De Bataven: 1-0

© Omrop Fryslân
De Jouwer hat sneintemiddei de twadde thúswedstriid yn de haadklasse wûn. De ploech wûn mei 1-0 fan De Bataven út Gendt (Gelderlân). De winnende goal waard yn de twadde helte helte makke troch Dick Schuurman.
Arnold Haanstra miste koart nei de iepeningstreffer noch in penalty, mar de winst kaam net mear yn gefaar. Foar de Jousters wie it in muoisume oerwinning. Se krigen it net kado.