Leskiste yn Jopie Huisman Museum
It Jopie Huisman Museum yn Warkum hat spesjaal foar basisskoallelearlingen in aktuele leskiste klearstean. De kiste is makke troch de edukative groep fan it museum. De leskiste is fergees te lien.
Yn de kiste sitte ûnder oare in diasearje, in fideobân, in kompjûter- programma en lesbrieven. Dêrmei kin de learaar de bern tariede op in besyk oan it museum. By in besyk kinne de bern in speurtocht dwaan.