De Jong: 19e plak yngling-klasse

21 sep 2003 - 00:00

It is sylster Petronella de Jong noch net slagge har yn de yngling-klasse te kwalifisearjen foar de Olympyske Spullen fan 2004. De 33-jierrige De Jong fan Sint Jabik sylt yn de yngling-klasse mei Annelies Thies en Annemieke Bes.

Se hiene har ôfrûne wike op it WK yn Cadiz pleatse kinnen foar Athene as se by de earste 18 einige wiene. Dat slagge net. De froulju einigen sneon yn it einklassemint op in 19e plak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)