Man fermist op It Amelân

© Omrop Fryslân
It grut tal boaten en in helikopter ha sneon om 'e nocht socht nei in fermiste man op it strân by Nes op It Amelân. De man die earder sneontemiddei mei oan in oare rêdingsaksje nei twa jongens fan 17 en 18 jier. Dy wiene mei de iisklub fan Ferwert op it eilân.
Se wiene te fier de see yn gongen en koene net op eigen krêft weromkomme. Mei help koene se weromhelle wurde. Letter waard alarm slein om't de man fermist wie. De man is net fûn.