Bonnet wol gjin rêding Thialf

© Omrop Fryslân
In âlde skuldeasker fan Thialf op It Hearrenfean besiket de rêdingsoperaasje fan it iisstadion op te kearen. De eardere accountant Bonnet & Partners wol de feiling fan de oandielen fan Campagnard trochsette. Campagnard is it memmebedriuw fan it âlde Thialf.
Bonnet & Partners hat noch goed 350.000 euro fan Thialf tegoede. As dat net útbetelle wurdt wol Bonnett Thialf feile litte. It bedriuw is it net iens mei it foarlizzende rêdingsplan.