Aksje 'Schone Kleren' yn Makkum

© Omrop Fryslân
By in grutte surfwedstriid yn Makkum is sneontemiddei aksje fierd tsjin it bedriuw North Sails. De aksje is opset troch de stifting 'Schone Kleren' en de CNV jongereinorganisaasje. North Sails is in fabrikant fan seilen en surfklean. Dy wurde makke yn Sri Lanka.
In grutte groep arbeiders dy't dêr opkaam foar har rjochten, is ûntslein troch de direksje. De arbeiders protestearren tsjin in leansferleging. Yn Makkum binne hantekens sammele.