Mear aksje tsjin sweeftrein

20 sep 2003 - 00:00

De trije provinsjale miljeufederaasjes fan Fryslân, Grinslân en Drinte komme mei in kampanje tsjin de sweeftrein. Sy dogge dat yn 'e mande mei de stifting Natuur en Milieu. Der komme televyzje- spotsjes, flyers en posters.

De Fryske Miljeufederaasje wol sa mear oandacht freegje foar it miljeu en it lânskip. Wannear't de kampanje begjint, hinget ôf fan it momint wêrop't de algemiene foarljochtingskampanje oer de sweeftrein begjint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)