Eko-boeren ferienigje har

20 sep 2003 - 00:00

Fryslân krijt in produsinteferiening fan biologyske boeren. Dat inisjatyf is sneon yn Ketlik oankundige op de iepening fan Iepen Dagen by de biologyske boer. De Biologyske Produsinteferiening Fryslân is noch yn oprjochting en hat no acht leden.

Doel is om it priisferskil tusken gongbere produkten en biologyske produkten werom te bringen. Dat moat barre fia in nije ynternetside, ferkeap by de boeren en in besoarchservice.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)