Rêdingsboat Skier yn aksje

© Omrop Fryslân
De rêdingsboat Willem I fan Skiermûntseach moast freed yn aksje komme doe't in grut syljacht fan ûngefear 30 ton fêstrûn wie op it Waad. It syljacht hie fiif persoanen oan board en lei yn it Gat fan Skiermûntseach.
In fiskkotter besocht it skip yn earste ynstânsje los te krijen, mar koe net ticht genôch yn de buert komme. Doe waard help frege fan de rêdingsboat. Dy koe it sylskip frij gau flotlûke.