Ynstoartingsgefaar yn Holwert

20 sep 2003 - 00:00

Ynwenners fan Holwert meitsje har soargen oer it ynstoarten fan in âlde monumintale wenning yn it sintrum fan it doarp. Koartlyn binne dêr dakpannen ôffallen. It hûs dat boud is yn 1820, komt yn oanmerking foar subsydzje om it te restaurearjen. Mar dêr komt oant no ta neat fan.

Neffens de gemeente Dongeradiel wurket de eigner net genôch mei. Wethâlder Boorsma wol dêr ynkoarten mei om de tafel om in oplossing te finen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)