Houtkapper wachtet op útwreiding

19 sep 2003 - 00:00

Houtkapper Kloosterman fan Peinjum hat in skeel mei de gemeente Wûnseradiel. Al hast trije jier is er dwaande in fergunning te krijen foar útwreiding fan syn houtseagerij.

Kloosterman fynt dat de gemeente dwers leit by it krijen fan de fergunning. Neffens Wûnseradiel duorret it sa lang om't de Peinjumer de boutekening hieltyd feroarje soe. De gemeente fynt dat er him oan de regels hâlde moat en geduld opbringe moat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)