Misstannen by eachklinyk

19 sep 2003 - 00:00

Der komt mooglik in strafrjochterlik ûndersyk nei eachklinyk Eye 4 Care yn Harns. By in ynfal fan de ynspeksje foar de sûnenssoarch hat bliken dien dat de klinyk de regels net neilibbet.

Sa wurket der in arts sûnder diploma, wurde der medisinen brûkt dy't net registreard binne en stiet der net-goedkeurde apparatuer. De ynspeksje stelt in rapport op oer de misstannen. Justysje sjocht dan oft der in strafrjochterlik ûndersyk komt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)