Eko-boeren wolle sels ferkeapje

© Omrop Fryslân
Biologyske boeren yn Fryslân wolle tenei har produkten sels ferkeapje. De boeren binne ûntefreden oer wat se barre yn de supermerken.
Troch oan hûs te ferkeapjen wurde de eko-produkten foar de klant goedkeaper en hâlde de boeren der mear oan oer. Op termyn wurdt sels tocht oan in keten fan biologyske winkels. Fierder is it de bedoeling dat boeren ek ûnderling har eko-produkten útwikselje, foar de ferkeap.