Falske hope oer herstart Brada

19 sep 2003 - 00:00

Direkteur Slob fan Vleesgroep Feenstra út Wolvegea jout meiwurkers fan it fallite Brada falske hoop oer in herstart fan de slachterij. Dat seit kurator Van der Spek.

Slob hat tegearre mei feehanneler Dykstra in bod útbrocht op Brada. De kurator fûn dat te meager, mar Slob en Dykstra ha ferskate Brada-meiwurkers tasein dat se wer oant it wurk kinne. De kurator is noch hieltyd yn petear mei in tal partijen oer in oername.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)