Nynke Eringa trout wer

19 sep 2003 - 00:00

De Ljouwerter trou-amtner Nynke Eringa is wer yn funksje. Nei't se in skoft op non-aktyf stien hat, is se dizze wike wer begûn. De gemeente Ljouwert moast frou Eringa op lêst fan de rjochter wer yn tsjinst nimme.

Eringa hie dien krige, om't se wegere minsken fan itselde geslacht te trouwen. De saak kaam ferskate kearen foar de rjochter en úteinliks krige se in skeafergoeding fan 'e gemeente. Har kontrakt rint ein takom jier ôf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)