Fûgels stjerre troch fisknetten

19 sep 2003 - 00:00

Fryske Iselmarfiskers wolle bêst meiwurkje oan maatregels om stjerte ûnder wetterfûgels troch fisknetten oan te pakken. Der moat allinnich wol genôch jild foar komme. Neffens de Fûgelbeskerming Nederlân binne de ôfrûne winter 13.000 fûgels fertize rekke yn fisknetten en ferdronken. Neffens ôfspraken út it ferline soene dat dit jier net mear as 2000 wêze meie. De Fûgelbeskerming wol dat de fiskers útkocht wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)