Gjin treinen Ljouwert-H'fean

19 sep 2003 - 00:00

Tusken Ljouwert en Hearrenfean ha freed gjin treinen riden. De oarsaak wie in stikkene boppelieding by Akkrum. De problemen sille nei ferwachting oant de nacht oanhâlde.

It euvel ûntstie doe't in frachtwein op de oergong Feansterdyk by Akkrum trije triedden fan 'e boppelieding stikken luts. Om de triedden wer omheech te krijen binne spesjale weinen nedich. De NS hat bussen ynset om de tûzenen reizgers te ferfieren.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)