Akkoart oer jeugdsoas Stynsgea

19 sep 2003 - 00:00

De gemeente Achtkarspelen en Stynsgea hawwe in akkoart berikt oer in nije jongereinsoas yn it doarp. Dy komt njonken it gymnastyklokaal. Lange tiid wie der ûndúdlikens oer hoe grut de soas wurde soe, mar dêr is no in beslút oer fallen.

Foar pjutteboartersplak 't Hummelhoekje is noch gjin oplossing fûn. Dy krije ek nijbou by it gymnastyklokaal, mar 't Humelhoekje wol mear kante meters as de gemeente tasein hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)