Smellingerlân bliuwt 'on air'

© Omrop Fryslân
Omrop Smellingerlân sil net minder útstjoere op radio en tillevyzje. Ynterim-manager De Vries reagearret dêrmei op geruchten dat de stekker der wolris útgean kin fanwege skulden. Der moat wol wat barre by de omrop, mar de swirrichheden binne net sa grut dat RTS gefaar rint te ferdwinen.
Mei de gemeente wurdt al praat oer de hierskuld. Fierders is der ferlet fan frijwilligers, mar is by alle lokale omroppen sa, seit De Vries.