'Coopmanshûs nei Martenahûs'

19 sep 2003 - 00:00

Museum 't Coopmanshûs yn Frjentsjer moat yn it Martenahûs komme, sa fynt de mearderheid yn de gemeenterie fan Frjentsjerteradiel. It CDA is tsjin en wat de PvdA wol is noch net dúdlik. De ferbouwings- en ferhûskosten wurde op 1 miljoen euro rûsd.

De stins 'It Martenahûs' wurdt op 't stuit hierd troch it Cartesius Instituut. Wêr't se hinne moatte nei de ferhuzing, is noch net dúdlik. Yn oktober folget it definitive beslút.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)