Nije ploech foar Spijkerman

© Omrop Fryslân
Hurdfytster Bertine Spijkerman fan Sint Nyk is takom jier de kopfrou fan 'e it Home Cycling Team. Spijkerman komt fan de seleksje fan it KNWU, de nasjonale hurdfytsuny. Har suske Marjon Spijkerman tekent ek foar de ploech.
Home Cycling Team wol takom jier de konkurrinsje oangean mei de grutste ploech fan Nederlân. Dat is de club fan Farm Frites mei as wichtichste fytster Leontine Zijlaard - van Moorsel.