Aksje foar breedbân yn Wommels

18 sep 2003 - 00:00

Ynwenners fan Wommels en omlizzende doarpen kinne de kommende wiken in opfallend autootsje tsjinkomme. De organisators fan de aksje 'Hier ook breedband' besykje sa noch 100 minsken te strikken foar ADSL-ynternet.

ADSL is in flugge ynternetferbining fia de telefoan. KPN wol de telefoansintrale allinnich oanpasse as der minimaal 325 brûkers binne. Yn Wommels en omkriten ha noch mar 230 minsken har oanmelden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)