Teaterfjouwerdaagse yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
Mei in foarstelling op in ferrassend plak, yn in etalaazje yn de Ljouwerter binnenstêd, is de teaterfjouwerdaagse fan start gongen. It is in festival foar amateurteater.
Amateurs krije yn Ljouwert de kâns om har stikken op te fieren. Sa sille der de kommende dagen optredens te sjen wêze fan de Fryske groep Sult, de Jeugdteaterskoalle en in teaterselskip út Hongarije. It festival duorret noch oant en mei snein.