Draachflak foar sweeftrein lyts

18 sep 2003 - 00:00

Ek Grinslanners en Drinten rinne net waarm foar de sweeftrein. Dat docht bliken út in enkête fan it Dagblad van het Noorden. 70 persint fan harren fynt it projekt te djoer en wol dat it jild brûkt wurdt foar oare problemen.

Foar it ûndersyk binne 400 minsken ûnderfrege. It draachflak yn it Noarden foar de trein liket dêrmei lyts. Ek yn in Fryske enkête fan in healjier lyn sei 70 persint dat it jild better oars brûkt wurde kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)