Reade panda yn Aqua Zoo

© Omrop Fryslân
De Aqua Zoo yn Ljouwert kriget takom jier de beskikking oer in panda as publykslûker. It giet dan net om in swart-wite panda út Sina, mar om in reade, lytsere soart. It eardere Otterpark is nei in tal oernames no yn hannen fan 'Zodiak Zoos', dat mei in folle gruttere fariaasje oan bisten mear minsken lûke wol.
Dat slagget aardich, want dit jier binne der al 75.000 minsken west en foar takom jier wurde 100.000 ferwachte.