Film oer Haulerwyk en Waskemar

© Omrop Fryslân
Trije entûsjaste filmmakkers ha de earste doarpsfilm fan Haulerwyk en Waskemar makke. It is in kompilaasje fan âlde opnames út de jierren '40 en '50. Dy bylden binne makke troch in fotograaf út Assen en de pleatslike kroechbaas fan Haulerwyk fan eartiids.
Tongersdeitejûn is de premjêre fan de film. Al 200 ynwenners fan de doarpen ha in eksimplaar fan de film besteld. Ynkoarten komme ek diel 2, 3 en miskien diel 4 út.