Minder jild foar Alde Feanen

18 sep 2003 - 00:00

Foar de wenynrjochting fan nasjonaal park De Alde Feanen driget jierren útstel. It Ryk jout minder jild foar de natuer yn Fryslân. Tongersdei presintearre de lânynrjochtingskommisje twa ynrjochtingsfysjes dy't 33 miljoen en 21 miljoen euro kostje moatte.

Hoewol't de útfiering fan de plannen oer in grut tal jierren útsmard wurdt, litte de besunigingen gjin geunstich byld sjen. De lânynrjochtingskommisje hopet no op Europeeske subsydzjes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)